Saturday, July 3, 2010

Sa wol de Provinsje de Friezen oertsjûgje



Mei in striemin makke, diskutabel filmke.

Yn dizze tiden fan besunigings is it net mear te ferkeapjen, sa'n fan boppe opleine, jildfergriemende manifestaasje. De keunstners waard neat frege, it moast fan managers, direkteuren en oare bobo's komme.

De Frysktalige skriuwkultuer driget fuortbesunige te wurden, it Frysk wurdt net mear serieus naam troch it Provinsjaal bestjoer. Wy, as Stichting Kulturele Haadstêd Nee protestearje tsjin dit wanbelied. Blaas de saak no daliks ôf, foardat it te let is. En brûk it sa oerbleaune jild foar it fuortsterkjen fan de Fryske literatuer en kultuer.

It djiptepunt yn dizze hiele saak is wol it beneamen fan de saneamde 'kwartiermaker' dy't de 'Kulturele Haadstêd' op priemmen sette moat. Lês û.o. hjir oer de reaksjes op it fraachpetear mei Henk Keizer yn de Moanne. In earsteklas loftfytser, wie it algemiene oardiel oer dizze 'kwartiermaker', dy't it Frysk nammers hielendal net behearsket, mar dat fynt de Provinsje gjin beswier.

En dit en dit skriuwt Pieter de Groot yn de Leeuwarder Courant. Keizer is in praatsjemakker, ynstee fan kwartiermaker'.


Jo reaksjes binne wolkom! Mar graach ûnder jo eigen namme, oars wurdt it fuorthelle.

1 comment:

  1. This comment has been removed by a blog administrator.

    ReplyDelete